De Geile Hoanne

In frijgeselle hoanne, sa hyt, sa gleone hyt,
koe syn lustgefoelens bij gjin inkel hintsje kwyt.
In keartsje lekker tríªdzje wie wat hij graach woe,
mar gjin hintsje te finen, díªr't hij op wippe koe.

Oer alle boerehiemen hie hij oan 't strunen west,
mar oeral díªr 't er kaam, krige er nul op it rekest.
Gjin inkeld plomfeewyfke woe mei him op it níªst,
dat foar syn sieleríªst tocht de hoanne doe op 't líªst:

Ik gean nei de grutte stíªd ta, faaks dat ik díªr in hin
heul tafallich op 'e strjitte tsjin it liif oanrin.
Mar ús earme hoanne fí»n, op syk nei potentsjeel,
sels net in rosse buert of in hinne-hoer-bordeel.

Mar yn 't winkelsintrum díªr bruts it swit him út.
Díªr lei pot-jan-hinnekont in hintsje efter it rút.
Neaken, yn bleat pikefel, breedút yn fol ornaat.
De poatsjes rjocht omheech yn in bedsje iisberchslaad.

It brí¢nde 'm yn 'e bealch, de holle waard him licht.
Hij woe fiktoarje kraaie, mar de strí´te siet him ticht.
Doe skeat er hurd de winkel yn - 't ferstí¢n wie op 'e rin -
en naaide efter it slachtersrút in kí¢lde djipfrieshin.

Wylst hij nei lei te hymjen, och earm, earm dier,
foel oer syn healwiis dwaan it each fan de poelier.
Foar't er it yn 'e gaten hie, rí´le díªr syn kop
en dreau syn fleis yn partsjes yn held're hinnesop.

MORAAL FAN IT FERHAAL:
O, frijgeselle hoannen meitsje noait sa'n dryst fersin.
Fergryp jim dus út geilens noait oan in kí¢lde hin.
Hí¢ld ús foarbyldhoanne foar eagen, wurd net syn lotgenoat.
Dat mochten jim oanstriid hawwe... lí»k dan mei de poat.


source: Songteksten.nl

Language: dutch